
| Statenleden | | Gryt van Duinen |

Op dizze side kinne jo alle dagen lústerje nei in koarte reportaazje!
Fan ôf 9 septimber is de earste reportaazje te hearen!

Wurdfierder Taal en Kultuer
Dit is myn earste perioade yn Provinsjale Steaten. Mei in moaie portefúlje: taal en kultuer. Yn Fryslân hâldt dat heel wat yn op it stuit. Mei troch it krewearjen fan deputearre Jannewietske de Vries is der in protte yn beweging set. Wy stribje nei in better plak foar it Frysk yn it ûnderwiis. Dat kin bygelyks yn in trijetalige skoalle, der is in protte belangstelling yn de provinsje om oan dit projekt mei te dwaan.
Tsjerken
As ûnderwerpen net troch it kolleezje op de aginda set wurde, kinne jesels ek fanwegen komme. Sa haw ik my op de ‘tsjerken’ stoart. Ik fyn dat in moai en belangryk ûnderwerp om mei oan ‘e gong te wêzen. It spilet rûnom yn Nederlân, mar hjir wol it meast want de ‘tsjerketichtheid’ is yn Fryslân it grutst. Yn begjin fan dit jier wurde de resultaten fan in ynventarisaasje fan alle tsjerken yn Fryslân bekend makke. Undersocht wurdt (ûnder oaren) hoe’t de boukundige steat fan de tsjerke is, it gebrûk fan de tsjerke en hoe’t it sit mei it soasjale draachflak. Underwilens hat de PvdA der foar soargje dat de Stichting Alde Fryske Tsjerken fan ’t jier € 80.000,- ekstra krijt om alle wurk op dit gebiet oan te kinnen.
Ien fan de Fryske Fiersichten dy’t fan ’t jier útein set is it Deltaplan Fryske Tsjerken. Ien en oar sil meiïnoar ferbûn wurde moatte om ta goede plannen te kommen.
Emigrantehûs
In oar ûnderwerp dêr’t ik my op it stuit ek mei dwaande hâld is de komst fan in Emigrantehûs yn Fryslân. Der wenje noch altyd mear Friezen bûten Fryslân as yn Fryslân en dy binne faaks noch ynteressearre yn harren roots. Dat die bliken út de belangstelling foar Simmer 2000 mar ek út it grutte tal besikers (fia Internet of fysyk) fan de argiven fan Tresoar. Sa’n Emigrantehûs soe de skiednis fan de emigraasje út Fryslân wei sjen litte kinne; persoanlike ferhalen soenen fêstlein wurde kinne; der soe genealogyske ynformaasje te finen wêze, koartsein alles wat mei dit tema te krijen hat.
Wêrom yn de polityk?
Polityk hat my altyd moai ta like. Mar ja, je brea der mei fertsjinje dat falt net daliks ta. Ik bin al jierrenlang redakteur by Omrop Fryslân. Earst foar de radio, sûnt 1992 wurkje ik foar de televyzje. Us ôfdieling makket dokumintêres foar de lanlike stjoerder, sneins binne se op Nederlân II te sjen. Prachtich wurk, dêr net fan, mar ja de polityk bleau lûken.
It bedriuwen fan sjoernalistyk en polityk kin stridich meiïnoar wêze. Dus hawwe wy op de studio in ôfspraak makke oer wat ik wol en net doch. Gjin ûnderwerpen dy’t de polityk reitsje, wol ûnderwerpen dy’t ‘ûngefaarlik’, tiidleas binne. En dan bliuwe der noch genôch oer. Ek skiednis, literatuer, byldzjende keunst, human interest of religy jouwe stof foar boeiende programma’s.
Njonkenfunksjes
Neist myn daagliks wurk by Omrop Fryslân sit ik noch yn ien bestjoer en dat is de Stichting Keimptetille, it pontsje werom. En dat hat te meitsjen mei myn jeugd oan de Keimptilsterdyk ûnder Dronryp. We wennen flakby it Van Harinxmakanaal en earder fear dêr in pontsje dat Hatsum (achterlân Dronryp/Winsum) mei Keimpetille (achterlân Frjentsjer/Sweins/Peins) ferbûn. De Keimptilsterdyk waard yn 1963 in dearinnende dyk en dat haw ik altyd spitich fûn. Dizze ferbining hold op omdat der mei de opkomst fan de auto minder gebrûk fan makke waard. Mar hjoeddedei soe it foar it lytse toerisme (kuiderders en fytsers) prachtich wêze at de pont der wer wie.
Kontakt
Wa’t my beneierje wol oer kultuer, taal, monuminten of ‘aanverwanten’ moat dat foaral net litte.
Gryt van Duinen
Buorren 17
9084 BB Goutum
058 – 2 88 32 42
06 – 29 51 80 90
